tema folksferhalen / mearkes

Aktiviteiten yn it ramt fan Dam Jaarsma ûnstean somtiden tige spontaan:
Yn 2014 organisearje It Skriuwersboun en it Friesch Dagblad wer in Fryske ferhalewedstryd. It tema is: (modern) folksferhaal/mearke, soks om’t 2014 it 100ste bertejier is fan de grutte Fryske folksferhalesamler Dam Jaarsma fan Eastermar.

Stifting 100 jier Dam Jaarsma ropt benammen jonge Eastermarders op om mei te dwaan oan dizze ferhalewedstryd.

Pak dy pinne, krûp efter de kompjûter en skriuw in moai (modern) ferhaal, net langer as 725 wurden. Jim meitsje kâns op aardige prizen en ivige rom!

logo-skriuwersboun

Ferhalen fan de priiswinners wurde boppedat publisearre yn it Friesch Dagblad èn komme fansels op ús eigen facebookpagina. (www.facebook.com/damjaarsma )

Tink der om: dyn ferhaal uterlik ynleverje op tiisdei 11 febrewaris 2014 om 12.00 oere.

Sjoch foar fierdere details, ynstjoering en betingsten:
http://skriuwersboun.nl/ferhalewedstriid-tema-folksferhalen-mearkes/

De priisútrikking is op 21 maart fan 16.00 oant 17.30 oere.
Fansels sil dit yn Eastermar wêze: ommers it episintrum fan it folksferhaal!
Wy winskje jim in protte ynspiraasje en súkses!

Mei hertlike groetnis,
Bestjoer Stifting 100 jier Dam Jaarsma

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen