Under alderheislikst lûde knallen is yn de nijjiersnacht it Breed omdoopt ta Dam Jaarsmaplein.
Nijjiersnacht om 00.30 oere stie in grutte groep Eastermarders, belangstellenden en famylje nei de wurden fan doarpsbelangfoarsitter Jan Wind te harkjen. Hy en Iris Rusz (Foarsitter Stichting 100jaar Dam Jaarsma) ûntbleaten tegearre mei fjoer en faasje it nije boerd: Dam Jaarsmaplein. Ek kaam der in ‘facebook-boek’ mei in moai portret fan Dam Jaarsma foar ’t ljocht. Dit levere noch mear en nóch lûdere knallen op!

start dam jaarsma jier

As samler fan ferskeidene soarten folkskultuer hie Dam Jaarsma dit grif wurdearre, ommers: knalle om de kweageasten te ferdriuwen, in speech om in mienskiplik punt te markearjen en in strjitnammeboerd om ien fan grutte betsjutting te earjen. Dat hyséls oait ûnderwerp fan in feestlik jier wêze soe, hie er grif nea tocht...

Fan 1 jannewaris ôf is it Dam Jaarsmajier no ek te folgjen op: https://www.facebook.com/damjaarsma
It betinkingsjier is úteinset!
 
Martsje Mud

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen