Bêste minsken,

It oare jier fiere wy yn Eastermar it 100ste bertejier fan ús achte doarpsgenoat Dam Jaarsma, skriuwer, samler fan folksferhalen, teolooch. Ek wol neamd: ien fan de meast kleurechte Wâldsjers. Dam Jaarsma wie helppreker en op ferskate (iepenbiere) skoallen joech hy kategisaasje. Ek yn Eastermar. 
Yn dy tiid skreau er wol yn poësiealbums fan ’e learlingen. Altyd mei in selstekene blomke derneist.
Neist allegear oare saken binne wy ek op syk nei dizze prachtige en persoanlike dokumintsjes om se yn it betinkingsjier 2014 toane te kinnen.

Miskien moatte jo efkes op solder sykje of achteryn in kast? Wy ûnfange hiel graach in eksimplaar fan sa’n poësiealbumferske. Digitaal soe moai wêze:
In ‘scan’ kinne jo stjoere nei

In kopy opstjoere is fansels ek goed en kin nei:
Martsje Mud
E.M Beimastrjitte 52-54
9261 VK Eastermar
(T. 0512 47 19 59)
Foar fragen en ynformaasje kinne jo ek by boppesteande adressen terjochte.

Alfêst tige tank en mei groetnis,
Martsje Mud
Ut namme fan de Stichting 100 jaar Dam Jaarsma

UPDATE:

Op ’e skouders fan in grut samler

Sa út en troch bring ik ferhalen foar it fuotljocht. Grutte fraach foarôf is dan altyd: wêr hellet de ferteller syn moaie ferhalen wei? Dat wurdt dus sykjen yn allerhanne boarnen. Op skrift stiet der genôch: der binne meters boeken fol mythen, sagen, mearkes en gean sa mar troch. Mar ik wol graach fan dy ‘âlderwetse’ folksferhalen fertelle út ’e Wâlden. Oer spoeken, duvels, piskikers, tsjoenders, sterke Hearkes en omdoarmjende geasten. Sjoch, en dan kom ik telâne yn Eastermar.

De grutte skat
Der gie yn ’e jierren santich fan de foarige ieu in helppredikant op ‘en paad en sammele tûzenen en tûzenen ferhalen. Dam Jaarsma, want dat wie ‘em fansels, hie syn kommen yn hast alle doarpen en doarpkes yn ’e eastlike Wâlden. Gelokkich foar fertellers lykas ik waarden al dy koarte en lange folksferhalen op papier set. Ik ha ’t no mar foar it útsykjen. Meitsje bijgelyks rûnom furore mei it bjusterbaarlike ferhaal fan ‘De dominee en de slachte baarch’. Ik fertel der foarôf altyd by út watfoar bysûndere en smoarfolle Wâldske skatkiste dat folksferhaal komt. En leau it of net, mar de taharkers fine de unike sammelstory fan Dam Jaarsma meast noch nijsgjirriger as de aventoeren fan dy dominee.
En dêrom is it mear as terjochte dat 2014 troch Eastermar útroppen is ta it jier fan Dam Jaarsma.
Ik sjoch der nei út.

Douwe Kootstra

Jaarsma

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen