Eastermar komt yn 2016 mei syn earste Iepenloftspul. It wurdt in ferhaal oer it ûntstean fan Eastermar mei alle promininte figueren. De 6 foarstellingen sille mids juny spile wurde op lokaasje yn Eastermar. Foar dit stik binne wy op syk nei entûsjaste spilers.

Liket it dy aardich om mei te spyljen? Meld dy dan oan foar de audysjes op sneon 13 febrewaris. Dat kin troch fóár tongersdei 11 febrewaris in mail te stjoeren nei: . Set it folgjende yn de mail: dyn namme, leeftyd, adres, telefoannûmer en in foto. Mei in koart ferhaaltsje oer dyn mooglike toanielûnderfining. Nei dyn oanmelding krijst mear ynformaasje oer wêr't de audysje plakfine sil.

Mei freonlike groetnis,

Bestjoer Iepenloftspul Eastermar

Wa sit hjir achter? En wêrom?

Myn namme is Sjoerd Blom, ik bin 21 jier en ik studearje Dosint Teater. Ik sit yn myn fjirde en lêste jier: myn ôfstudearjier. As ûnderdiel fan it ôfstudearjen meitsje alle studinten in foarstelling. Ik dus ek en ik organisearje dit Iepenloftspul. Om't ik nei alle gedachten nei myn stúdzje op oare plakken yn it lân wurkje sil, wol ik graach myn stúdzje ôfslute op it plak dêr't ik weikom: Eastermar.

It Iepenloftspul sil dan ek gean oer Eastermar. Oer de bloeiperioade yn de 17e iuw dêr’t de feanterij in grutte rol yn spile hat. Mear sil ik net ferklappe want ik hoopje dat sa folle mooglik minsken de foarstelling sjen sille en it ferhaal meibelibje.

Wannear’t immen fragen of opmerkingen hat en/of my helpe wol by it meitsjen fan dit Iepenloftspul (tink oan kostúms, it dekôr, hoareka-aktiviteiten), kin maile nei . Want it doel is dat it net allinnich in foarstelling óér Eastermar wurdt mar ek tróch Eastermar. En fóár Eastermar! 

Sjoerd Blom

iepenloftspul

P.S. Hâld foar de lêste ûntjouwingen de Facebookside fan Iepenloftspul Eastermar yn de gaten!

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe