Bulthuis en syn BM wer op de Burgumer Mar
Op 14 en 15 july sil Wettersportferiening Tusken Mar en Leyen sylwedstriden organisearje mei âlde houten sylboatsjes. De sylboatsjes binne allegear registrearre by de Stichting Oud Zeilend Hout. Ien fan de typen dy`t meidocht is 'de BM-er', in ûntwerp fan Hendrik Bulthuis út 1928. Dizze, hast hûndert jier âlde sylboatsjes en noch folle mear typen, sille yn it wykein fan 14 en 15 july yn Eastermar te sjen wêze. It is de bedoeling der in feestlik gehiel fan te meitsjen. Ek op de wal binne der ferskate aktiviteiten. De tagong en it meifarren nei de marren op preamen en skûtsjes is fergees.
Freed 13 july binne de boatsjes al yn Eastermar en wolle wy de jongerein yn de basisskoalleleeftiid útnûgje mei te silen.
It programma is noch net hielendal rûn, dus hâld de webside en ús Facebookside yn de gaten foar updates.
Klik hjir foar de flyer mei alle ynformaasje
-
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 mei 2022
Preamsilen op de Mar
Klik hjir foar de flyer Op saterdei 3 septimber 2022 sil de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan fers... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 mei 2022
Preamsilen op de Mar
Klik hjir foar de flyer Op saterdei 3 septimber 2022 sil de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan fers... Fierder lêze »