Klik hjir foar de flyer
Op saterdei 3 septimber 2022 sil de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de Fryske Boerepreamen. Meitellend foar har simmerkampioenskip. Bliid dat it no, nei twa jier skoft, wer kin en dat dan ek nochris by ús op de Mar.
It palaver (rûtebesprekking) is om in oere of njoggen en dêrnei giet de hiele float de Mar op foar in moarnswedstriid sa tusken 10.00 -11.30 oere en dêrnei middeis fan in oere of twa ôf de folgjende wedstriid. Tusken de middei lizze alle preamen ( prachtige platboaiems dy’t yn it ferline brûkt waarden troch de boeren yn de lege midden fan Fryslân) wer yn de haven fan de Komerk. Mei de gearwurking fan de Stifting Komerk krije alle skippen dêr in kreas plak, miskien binne hja der al de dagen derfoar.
En as it slagget komme ek wer de moaie âlde houten skippen fan 'Oud Varend Hout' foar har eigen wedstriden: Larken, BM'ers, OK-jol en neam mar op.
Ek it publyk is wolkom: der wurdt in motorpream hierd en jimme kinne fergees mei de Mar op fan it opstapplak oan de Komerk ôf.
De priisútrikking sil oan de ein fan de middei plakfine: eltsenien is wolkom. Dêrnei krije skippers en bemanning noch in knap stik iten yn de loads fan Foppe. Mar ek oan de oaren is tocht: Jan de Vries, de fisker fan Dokkumer Nije Silen komt wer mei syn boat en ferkeapet de hiele dei bakte fisk. Stek efkes by him oan: net te missen by de sweltsjepeal.
Wy rekkenje op in treflik barren.
Aktiviteitekommisje WSF Tusken Mar en Leyen,
Auke, Willem, Jelmer, Errit en Oebele
-
- Informatie
- 06 juli 2022
PLONS! Film Festival gooit de trossen los en komt naar Eastermar!
PLONS! is een filmfestival waar je in het ruim van een schip kunt kijken naar de allerbeste korte doc... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze »
-
- Informatie
- 27 april 2022
Boottocht Lokaal Loket
Op zaterdag 11 en 18 juni organiseert Lokaal Loket voor iedereen een boottocht over de Leien met kof... Fierder lêze »