Foarhinne organisearren Oebele Brouwer en Wopke Wobbes it doarpssilen. Hja hawwe it stokje oerdroegen oan de wettersportferiening. Yn 2014 hat it foar de lêste kear west op de Lauwersmar.
No, 7 septimber 2019, sille wy it nochris besykje, net yn plestik Valken mar yn preamen. Op 24 augustus wie der in sylwedstriid fan preamen yn Aldegea (SW). De pream fan Errit de Jong út Eastermar docht der ek oan mei en kin lizzen bliuwe oant 7 septimber.
Yn in pream kinne 12 persoanen, as der mear minsken meiwolle is de pream fan Igram Ikema út Aldegea der noch en oars binne der wol mear te regeljen.
Eltsenien kin him of har opjaan. It is krekt de bedoeling dat minsken dy't gjin ûnderfining ha mei it silen of wettersport yn it algemien de kâns krije om dit ris mei te meitsjen.
Kosten:
Utgeande fan 10 opstappers kostet in dei silen mei in pream € 350,- Errit wol wol in bytsje koarting jaan en sa komme wy op in bedrach fan € 30,- de man/frou. As de belangstelling grut is en it blykt foar minder te kinnen, dan dogge wy dat.
Foar € 30,00 binne jo dan in hiele dei moai op it wetter. Leden en donateurs van de feriening betelje € 25,00. Kosten foar terras en iten binne foar eigen rekken. Wy ride moarns om njoggen oere mei auto’s fan De Komerk nei Aldegea dêr’t wy oan board stappe. Graach om kertier foar njoggenen op 'e Komerk wêze.
It is wol ferstannich in bakje kofje of in flaubyt mei te nimmen. Reinklean is ek oan te rieden. Betelje op 'e dei sels.
Stjoer in mail nei ûndersteand mailadres en skriuw jo yn. Of stjoer in appke nei Sjoerdje of Auke.
En...freegje ek oaren om mei te gean! Eastermarders dy't al earder meisylden, witte hoe noflik sa'n dei is.
Wy hawwe net in bookingsite of sokssawat. Wy geane derfan út: opjaan is ek meigean.
Nei ôfrin kinne wy yn Aldegea noch meielkoar ite. Dat hat eltsenien oan himsels.
Wy wachtsje jo reaksje ôf.
It bestjoer
WSV@eastermar.nl
Tel. Auke: 06 12282512
Sjoerdje: 06 33786945
-
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 januari 2023
Ynsamling foar Moldavië/Oekraïne
Wy geane los mei de tredde ynsamling foar Moldavië/Oekraïne. Der mei wer guod brocht wurde by B. de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 januari 2023
Kuiertocht bij volle maan met stamppotbuffet tussen de koeien in de stal
Kom op zaterdagmiddag 7 januari wandelen in het Nationaal Landschap Noardlike Fryske Wâlden.Het word... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze »