Eastermar, it moetsjen wurdich...
Beachvolleybaltoernoai 15 augustus
- Kategory: Sport overig
Op saterdei 15 augustus oansteande sil foar de sawnde kear it ferneamde Beachvolleybaltoernoai hâlden wurde.
Dat betsjut in soad sân, moaie fjilden en in protte sinne.
It stikje yn de Breedút hat foar 15 teams al de oanlieding west om harren op te jaan. Wy kinne net mear as 24 teams ha op it altiid noch sa krappe it Breed, en wy binne der wis fan dat dy 24 der ek dit jier wer komme. Derom: wês der rap by, gean nei grientespesjalist Jannes, betink in moaie namme en skriuw jimme as team yn. In team moat bestean út ten minste twa froulju. Wy freegje in ynskriuwjild fan € 15,- per team. Minimumleeftiid: 14 jier.
Nei ôfrin wurdt yn en rûnom it sân wer in mienskiplik itersbarren hâlden, foar alle sporters, supporters en oare belangstelllenden. Ek dit jier wer fersoarge troch Martin en Jetty fan de Parel. Foar € 10,- pp meitsje hja in rinnend buffet fan goed en ferskaat iten. Te fergelykjen mei it Captainsdinner fan 13 juni. Ynskriuwe kin by de Parel. De bêrn fan de dielnimmers oan dit itersbarren kreie fan ús om 'e nocht patat.
Wy rekkenje op in prachtmiddei.
Beachboys.
- Hits: 4033
Meer artikelen …
- Stratentennis
- Avondvierdaagse van start
- Foar de 31-ste kear : Fjouwerjûnekuier Eastermar
- Overzicht sport
- Stratentennistoernooi 2009
- Avondvierdaagse
- Statiegeldflessenactie
- Combex nieuwe hoofdsponsor V.V. Eastermar
- Trainer Roel Tuinstra maakt seizoen af bij Eastermar
- Nieuwe trainer v.v. Eastermar
- Feestlike ôfslúting fuotbalseizoen 2005/2006
- Opgave Tennislessen
Pagina 150 fan 162