It like der earst net sa bot op, want it tal oanmeldingen fia telefoan en e-post hâlde net oer, mar saterdeitemiddei 11 juny wienen der dochs noch 25 dielnimmers by it fuotbalkoaitoernoai oan it Harstepaad. Dizze jonges (famkes melden har net oan) koenen har fuotbalfeardigens op trije ûnderdielen teste: Heechhâlde, Latsjetûk en Panenka.
By ’t heechhâlden moat de bal sa faak mooglik mei fuotten, knibbels, boarst, holle of oar lichemsdiel (behalve fansels earms/hannen) spile en fan ‘e grûn hâlden wurde. Latsjetûk hâldt yn dat de bal fan ‘e middenline fan ‘e koai ôf op ‘e latte fan ‘e goal sketten wurde moat. Dat mocht 3 kear besocht wurde. In skoare by de panenka wurdt berikt as de bal - ek wer fan ‘e middenline ôf - mei in boochje op it flak tusken de doelline, de achterkant fan ‘e goal en de beide sydkanten stuitet. Ek hjir 3 pogingen. Der waard yn twa leeftydsgroepen – basiskoallebern oant 13 jier en fuortset ûnderwiis oant 19 jier – omraak striden om de troch de sponsorkommisje fan V.V.Eastermar beskikber stelde prizen. De lieding wie yn goede hannen by de jonges fan ‘e Behearsgroep Fuotbalkoai. Dy toernoaiorganisaasje koe nei in lyts oere fuotbalwille de folgjende priiswinners bekend meitsje:
Heechhâlde
oant 13 jaar - earste priis Jacob Zeilstra (22x); - twadde priis Johannes de Vries (14x)
13 o/m 18 jier - earste priis Johannes Couperus (249x); - twadde priis Sijtze Nijboer (178x).
Latsjetûk
oant 13 jier - earste priis Johannes de Vries (2x); - twadde priis Jacob Zeilstra (1x, wint yn ekstra ronde)
13 o/m 18 jier - earste priis Tristan Lahuis (2x); - twadde priis Jurre Dam (1x, wint yn ekstra ronde).
Panenka
oant 13 jier - earste priis Johannes de Vries (2x); - twadde priis Jacob Zeilstra (1x, wint yn ekstra ronde)
13 o/m 18 jier - earste priis Johannes Couperus (2x); - twadde priis Sijtze Nijboer (1x, wint yn ekstra ronde).
Sa meie de earstepriiswinners har dus no de Eastermarder Kampioenen Heechhâlde, Latsjetûk en Panenka neame. Lokwinske mannen!
Ut namme fan ‘e Behearsgroep Fuotbalkoai, Wijbe Postma
-
- Informatie
- 06 februari 2023
Gratis energiecoach
Inwoners van de gemeenten kunnen een afspraak maken met de Energiecoach. Deze is er speciaal voor men... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 februari 2023
Schade vanwege bodemdaling door gaswinning?
In Tytsjerksteradiel zijn in de regio van Eastermar zorgen dat bodemdaling door gaswinning zorgt voo... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 19 september 2022
De Bus van KEaRN jongerenwerk op de Vitamine Ea-markt
Tijdens de eerste editie van Vitamine Ea, bij de opening van het Mienskipshûs op 24 september is ook... Fierder lêze »