Spitich, spitich mar foar de twadde kear op in rige moat it 'Skûtsjesilen yn 'e Wâlden' ôflaske wurde. It minne waarsfoarútsjoch, en dan mei nammen de hurde wyn, spilet de organisaasje op'e nij parten. Dit barde nammentlik ek al yn 2010.

De wedstrydkommisje fan de IFKS hat in negatyf advys jûn om te starten. Om ûngelokken foar te kommen hat de organisaasje dit advys oernommen. Der wurde sneon hurde wynpûsters ferwachte.

Wat wól trochgiet is de eksposysje oer it 100-jierrich bestean fan skûtsje 'it Doarp Eastermar' Dizze útstalling is iepen fan 09.00 -16.00 oere fergees te besjen yn Meerzigt oan de E.M. Beimastrjitte 8 te Eastermar.

Hurde wyn

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: