De fuotbalkoai oan ’t Harstepaad is krekt foar de skoalfakânsje alhiel opknapt: de flier is foarsjoen fan in nije deklaach en de belijning stiet der wer kreas op. De Behearsgroep Fuotbalkoai Eastermar is osa wiis mei dizze renovaasje. Om dat ekstra omtinken te jaan wolle de ‘behearders’ wat spesjaals dwaan.
Dat spesjale bestiet út de organisaasje fan in Koaitoernoai. Dêroan kinne basisskoallebern (fan grp. 5 ôf) en begjin Fuortset Underwiis (oant 16 jier) meidwaan.
Foar de simmer ha in pear leden fan ‘e Behearsgroep al op De Twirre frege wa’t wat foar dit toernoai fielde en dat smiet al 30 nammen op. Der kinne fansels wol mear by. Ek bern dy’t net lid fan in fuotbalklup binne, kinne fansels meidwaan.
It toernoai wurdt hâlden op saterdeitemiddei 14 sept. en begjint om 14.00 oere.
Opjaan kin by Klaas Albert Dijkstra (0611597094) Jurre Jan Venema (0638102414) en dan graach foar 8 sept.
De Behearsgroep Fuotbalkoai
-
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 maart 2025
Uitnodiging TIP-wandeling
Het bestuur van TIP Eastermar Promoasje heeft in de februari-editie van de dorpskrant ‘Marnijs’ aang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 maart 2025
EA-Bloeiweek 2025
Let op, eerder is foutief 12 februari als datum van de brainstormsessie genoemd. Dit moet zijn dinsd... Fierder lêze »