Bêste Eastermarders en minsken út de omkriten,
Begjin juny organisearje we wer de tradisjonele fjouwerjûnekuier (avondvierdaagse). Sa as alle jierren besykje wy wer moaie rûtes út te setten. Dizze rûtes binne hiel geskikt foar bern, om’t der in protte oer sânreden rûn wurdt en dêr kinne de bern mar fleane en stowe.
No ha we lykwols de lêste jierren wol in grut probleem n.l.: swartrinners. Dit klinkt hiel swier mar in oar wurd kinne wy der net foar betinke. We doele hjir op de âlders dy‘t mei harren bern fjouwer jûnen rinne mar gjin stimpelkaart ha.
Ek binne der minsken dy’t yn de wike fan de 'avondvierdaagse' sûnder te freegjen in rûtebryfke út de kantine helje en dus sûnder ynlisjild en stimpelkaart de rûte rinne. Ek dit binne swartrinners!
Wat dizze minsken har net realisearje: wy binne in stichting mei in lyts bytsje jild en wy meitsje noait winst! Dêrfoaroer moatte wy altiten wol behoarlike ûnkosten meitsje oan medailles en materialen dy‘t alle jierren ferfongen wurde moatte. En net te ferjitten de muzyk fansels, dy’t der altyd wer foar soarget dat de lêste jûn in feest is foar dielnimmers, famyljeleden en hiel Eastermar!
Alle jierren wer binne der ek in hiel protte frijwilligers dy’t har belangeleas ynsette om alles yn goede banen te lieden. Foar dizze minsken soene wy eins hiel graach wat dwaan wolle, mar dan moat der wol wat jild wêze. De swartrinners ha dus wol de wille fan alle frijwilligersynset, mar sy helpe der op gjin inkelde wize oan mei...!
Wat wy sizze wolle: jou jim op en doch mei oan de Fjouwerjûnekuier yn de wike fan 3 o/m 7 juny.
-
- Informatie
- 28 maart 2023
Edou Hamstra yn Omrop Fryslân dokumintêre
De Provinsjale steateferkiezings binne achter de rêch, de útslach bekend. Krekt foar de ferkiezings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Harmonica Theo op it Breed
Takom sneon sil Theo Stelstra spylje op it Breed. Yn Ljouwert is er ferneamd as Harmonica Theo. Hy i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Reüny famylje Veltman
Dit binne de pakesizzers fan Simen Veltman, dy’t altyd yn Eastermar wenne hat. Hast alle pakesizzers... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 maart 2023
Wat stimt Eastermar by de Provinsjale Steaten en Wetterskip 2023
0p 15 maart 2023 hawwe de ynwenners fan Eastermar stimme kinnen foar de Provinsjale Steaten en it Wet... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 mei 2021
De Avond4daagse Eastermar gaat dóór!
Een jaar zonder Avond4daagse is natuurlijk ondenkbaar. Maar we hebben goed nieuws! Met de speciale e... Fierder lêze »