Bêste Eastermarders en minsken út de omkriten,
Yn ‘e wike fan 15 o/m 19 maaie organisearje we wer de tradisjonele 4-jûnekuier. Sa as alle jierren besykje wy wer moaie rûtes út te sykjen. Dizze rûtes binne hiel geskikt foar bern om’t der in protte oer de sânreden rûn wurdt dêr‘t de bern mar fleane en stowe kinne.
Der binne rûtes fan 5, 10 en 15 kilometer. It startplak is de kantine op sportpark Burgerkamp.
Der binne minsken, dy’t yn de wike fan de 4-jûnekuier bryfkes mei de rûtes út de kantine helje sûnder te freegjen en dy rinne de rûte dan dus sûnder stimpelkaart. Dit binne swartrinners! Wat dizze minsken har net realisearje is dat wy as stichting net in soad jild ha en noait winst meitsje! Dêr stiet foaroer dat wy altiten alle jierren wol hiel wat ûnkosten ha oan medaljes en materialen.
Alle jierren wer binne der ek in hiel protte frijwilligers dy’t har belangeleas ynsette om alles yn goede banen te lieden. Foar dizze minsken soene wy hiel graach wat dwaan wolle, mar dan moat der wol wat jild wêze. De swartrinners ha dus wol de wille mar drage fierder neat by...!
Wat wy sizze wolle: jou jim op en doch mei oan de Fjouwerjûnekuier yn de wike fan 15 o/m 19 maaie!
P.S. Yn 2018 bestiet de Eastermarder fjouwerjûnekuier 40 jier!
-
- Informatie
- 22 maart 2025
Algemene Ledenvergadering 2025 Doarpsbelang Eastermar
Op dinsdag 15 april is de Algemene Ledenvergadering van Doarpsbelang Eastermar. U bent hierbij van h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 maart 2025
Oprop: wie heeft grond voor Grûn?
Op 17 mei wordt in Leeuwarden de openingsparade Grûn gehouden van Arcadia 2025. Er wordt dan grond r... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 maart 2025
Oprop: wie heeft grond voor Grûn?
Op 17 mei wordt in Leeuwarden de openingsparade Grûn gehouden van Arcadia 2025. Er wordt dan grond r... Fierder lêze »