Fjouwerjûnekuier 20 o/m 24 maaie 2019
Bêste Eastermarders en minsken út de omkriten,
Yn ‘e wike fan 20 o/m 24 2019 maaie organisearje wy wer de tradisjonele 4-jûnekuier. Sa as alle jierren besykje wy wer moaie rûtes út te sykjen. Dizze rûtes binne hiel geskikt foar bern om’t der in protte oer de sânreden rûn wurdt dêr‘t de bern mar fleane en stowe kinne.
Der binne rûtes fan 5, 10 en 15 kilometer. It startplak is de kantine op sportpark Burgerkamp.
Der binne minsken, dy’t yn de wike fan de 4-jûnekuier bryfkes mei de rûtes út de kantine helje sûnder te freegjen en dy rinne de rûte dan dus sûnder stimpelkaart. Dit binne swartrinners. Wat dizze minsken har net realisearje is dat wy as stichting net in soad jild ha en noait winst meitsje! Dêr stiet tsjinoer dat wy altiten alle jierren wol hiel wat ûnkosten ha oan medaljes en materialen.
Alle jierren wer binne der ek in hiel protte frijwilligers dy’t har belangeleas ynsette om alles yn goede banen te lieden. Foar dizze minsken soene wy hiel graach wat dwaan wolle, mar dan moat der wol wat jild wêze. De swartrinners ha dus wol de wille mar drage fierder neat by...!
Wat wy sizze wolle: jou jim op en doch mei oan de Fjouwerjûnekuier yn de wike fan 20 o/m 24 maaie 2019!
-
- Informatie
- 01 februari 2023
Schade vanwege bodemdaling door gaswinning?
In Tytsjerksteradiel zijn in de regio van Eastermar zorgen dat bodemdaling door gaswinning zorgt voo... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 januari 2023
Ynsamling foar Moldavië/Oekraïne
Wy geane los mei de tredde ynsamling foar Moldavië/Oekraïne. Der mei wer guod brocht wurde by B. de... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 mei 2021
De Avond4daagse Eastermar gaat dóór!
Een jaar zonder Avond4daagse is natuurlijk ondenkbaar. Maar we hebben goed nieuws! Met de speciale e... Fierder lêze »