De Fjouwerjûnekuier (of ‘Avondvierdaagse’) is dit jier fan 23 o/m 27 maaie.
Foar de 33e kear (1x kear is it ôflast y.f.m. tongblier) sille de leafhawwers en (skoalle)bern lâns de moaiste rûtes yn de omkriten fan Eastermar rinne kinne foar de medalje of gewoan foar de wille. It binne de rûtes dy’t de AVD fan Eastermar ta ien fan de grutste yn de omkriten makke hat. Likernôch 500 dielnimmers komme alle jierren om op in sportive wize fan de omjouwing te genietsjen.
Dat dit barren al safolle jierren stân hâldt is mei namme te tankjen oan de ynset fan tal fan frijwilligers. Dy soargje der foar dat de rûtes útset binne, dat de dielnimmers op 'e tiid drinken krije, dat der feilich oerstutsen wurde kin en dat der ûnderweis gjin ien achterbliuwt. De AVD-kommisje is hjir tige wiis mei!
Wy starte alle jûnen (fan 18.00 oere ôf) by de kantine fan 'e Burgerkamp en dêr is ek it einpunt. De lêste jûn (freed 27 maaie) slute wy ek ôf by de kantine. Dêr wurde dan ek de medaljes útrikt. Muzykkorps De Kriich út Wergea sil de lêste jûn wer foarop gean om alle dielnimmers fleurich en feestlik te begelieden nei it einpunt.
Doch ek mei en genietsje fan it skitterjende fjild yn en om Eastermar hinne! Wy sjogge jimme graach de 23e maaie mei al dy oare stappers by de Burgerkamp.
► It soe eins net nedich wêze moatte, mar hjirby roppe wy de hûnebesitters op om de strjitten en rinpaden yn en om ús doarp frij te hâlden fan hûnepoep. De dielnimmers oan de Fjouwerjûnekuier - mar ek alle oare stappers en kuierders - hoege dan net hieltyd nei de grûn te sjen.
► De dielnimmers oan de Fjouwerjûnekuier freegje wy om de rûtes skjin te hâlden en gjin pûdsjes en papierkes slingerje te litten.
► Minsken út Eastermar e.o. dy’t yn it besit binne fan in EHBO-diploma en dy’t har wol in jûn ynsette wolle foar de Fjouwerjûnekuier, freegje wy om kontakt op te nimmen mei Gabe Teakema, tel: 0512-472187
Ut namme fan 'e kommisje Fjouwerjûnekuier,
Roelie Hoekstra
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 mei 2021
De Avond4daagse Eastermar gaat dóór!
Een jaar zonder Avond4daagse is natuurlijk ondenkbaar. Maar we hebben goed nieuws! Met de speciale e... Fierder lêze »