Beachbarren 17-8 sit fol. As ôfsluting in grutte BBQ (€7,50 p.p.)
It jierlikse Beachbarren moat no al de ynskriuwing slute. No't it Breed noch net ien grut plein is, is dielname fan 24 teams it maksimum en dy binne der no. Noch nea earder wie it sa gau fol: it bewiis dat dit toernoai tige libbet.
Op saterdei 17 augustus fan in oere as ien ôf, spylje de teams, besteande út fjouwer persoanen, foar de ear en de prizen. Moarns wurdt it sân stoart en dat betsjut dat autoferkear op en om it Breed hinne dêrnei net mear mooglik is. De organisaasje freget de omwenners om de auto’s foar njoggen oere fuort te heljen. Tank derfoar.
Nei ôfrin fan it beachvolleybaltoernoai, fan in oere of seis ôf, is der wer in grut BBQ-barren. Eltsenien kin meidwaan, dus ek de minsken dy’t net meispile ha. In rinnend buffet mei ferskate soarten fleis en salades, klearmakke troch de meiwurkers fan Otte. Spesjaal foar it Beachbarren is der in tige moai pryske makke sadat safolle mooglik minsken meidwaan kinne: € 7,50 de man! Jo kinne jo oant en mei freed de 16e augustus opjaan by Otte. Fuortendaliks efkes betelje en jo steane op de list.
Ek al tradysje is it skjinmeitsjen fan it Breed. Moandei om sân oere binne de frijwilligers tige wolkom: de organisaasje soarget foar in pilske by it neipetear. Graach in skeppe of biezem meinimme.
Oant op it Breed !
De Beachboys
-
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 mei 2023
VV Eastermar kampioen / zaterdag kampioensfeest!
VV Eastermar is kampioen geworden en dat willen we graag met jullie vieren op zaterdag 27 mei vanaf... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 27 april 2023
Eastermar is...
...kleedjesmarkt op it Breed! Dit jaar georganiseerd door de Beima buurtvereniging. Fierder lêze »