By it opsetten fan de volleybalfjilden yn de maneezjehal fan de famylje Couperus, kaam bûten de sinne der by. De organisaasje tocht doe wolris: hawwe wy der wol goed oan dien om it barren fan it Breed te ferpleatsen nei de hal? Mar doe't om healwei fiven it wetter mei bakken nei ûnderen kaam, doe wie dúdlik dat it in goeie kar wie.
Yn de prachtige en sûkerskjinne hal striden 24 teams mei de prachtichste nammen, sa as it Griem Team en de Jan Mooi Hierkes, om de sportive eare. Mar nei de wedstriden yn de 4 poules koenen allinnich de poulewinners trochgean. Yn in spannende finale wie it dêrnei it team fan Marwei (Jan Wind en syn teamgenoaten) dat de spilers fan it Wytfean fersloech.
Wylst it bûten hieltiid hurder reinde, wie der yn it foarste stik fan de hal in tige slagge BBQ, fersoarge troch Otte c.s. en mei Raimundo en syn minsken achter de taap.
Kommend jier foar de tsiende kear en dan hooplik wer op it Breed. Mar dat nimt net wei dat it mei de help fan de famylje Couperus, Otte, Raimundo en al dy oaren wer in moai barren wie. Oh ja: it 'sânskepbarren' op moandei giet no net troch.
De Beachboys
-
- Informatie
- 05 juni 2023
Tippers wer los yn ‘e TipToko
Mei in ploech fan 18 frijwilligers – de Tippers – start it simmerskoft 2023. Hja beminskje it haveng... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze »