Op 13 septimber 2008 sil foar de tsiende kear it 'Paardenspektakel' organisearre wurde, ús jubileumjier. Foar dizze dei is der altyd in protte belangstelling om mei te dwaan. Der hawwe yn de lêste jierren altyd mear oanfragen west dan dat der minsken en hynders meidwaan kinne. Fral by de ruters wie dat it gefal. Der komme no al wer fragen binnen wannear de mooglikheid om yn te skriuwen plak fine sil. Dêrom dogge wy no alfêst de meidieling dat ynskriuwing fan 1 maaie ôf mooglik is fia it ynskriuwformulier op dizze side. Dit giet fia it prinsipe 'wie het eerst komt, wie het eerst...'. Hâld dizze datum dus yn de gaten!.

It Paardenspektakel hat elts jier altyd in tema. Dit jier sil dat wêze... mearkes (sprookjes)!

Foar wa 't noch even de bylden fan foarich jier besjen wol...

Oant sjen!

Image
Yn 2007 wie it tema fan it 'Paardenspektakel halloween

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe