Information
Publisearre: 26 december 2018 | Kategory: Doarpsside Eastermar.nl
media

www.eastermar.nl yn de takomst

.Eastermar scherm

Hast 20 jier ferlyn stie Rienk Vlieger yn it gebou fan de Herfoarmde Tsjerke foar in grutte kloft minsken op de doarpsbelangen-gearkomst út te lizzen wat der mei internet koe en werom in eigen site sa wichtich wie foar Eastermar. It seach der prachtich út , mar foar de measten wie is dochs wat futuristysk. De fier-fan-myn-bêd-show. Ik ha gjin internet. Sil dit der ea komme?

Ja , it kaam der. En binnen in pear jier wie www.eastermar.nl net mear fuort te tinken. Mei de ferslagen oer dorpsfeesten, letter it Easterbarren , Alle oare barrens of spektakels, mei hiele moaie stikken oer de Leyen-tocht, it begjin en de suksessen fan it eigen skûtsje. Mei hieltiid mear gebrûkers, sels yn it fiere Amerika of Australie. Mei ek altiid guon yn de redaksje dy't klear steane om stikken te skriuwen of te pleatsen. De site dus , treflik gearwurkjend njonken de doarpskrante Breedút en letter Marnijs, as in wichtich en oanfullend medium. En ek goed te neamen: mei in grut tal ferienigingen dy't de site brûke foar harren meidielings en de OVE dy't der foar soarget dat de Eastermarder bedriuwen meibetelje yn ruil foar reklame.

Mar de tiden feroarje. Der binne noch hieltiid in soad sjoggers , mar it tal gebrûkers nimt wol wat ôf. En as hja nei de site geane, dan no meastentiids net mear fia in fêste kompjoeter , mar fia smartphone of Ipad. Mei nammen de jonge ynwenners hawwe no ek harren eigen kanalen: sjoch nei Spanbân wêr ( hast) alles fia Facebook gong. En net fia de site. En dochs: komme der foar Eastermar wer grutte dingen ( postkoade: 6200 sjoggers op ien dei !) dan docht bliken dat de site noch hieltiid tige wichtich is.

Mar as " senatoren" fan de site ( dat is: de begliedings-klub) en redaksje sjogge wy wol foarút. De site moat noch mear bekend wurde, ek by nije ynwenners ( dat is no net altiid it gefal) , der komt ek in Facebook-like-campagne. Mar misskien is in site wol âlderwets en moatte wy oergean op in eigen Eastermar-app. In soad gruttere doarpen hawwe dat al. Wy besjogge no wat dat betsjut foar de ynhâld ( wie wolle deryn gjin stap werom dwaan), wat it docht mei technyk en wat de kosten binne. No folslein oergean op Facebook is net oan de oarder:dan slúte jo minsken út.

De site is en bliuwt dus foar ús Eastermar in lot út de lotterij. Brûk dy ek, mei bygelyks de agenda. Stjoer stikjes nei Marnijs en de site: nijs oer it doarp - ek nei bûten ta - hâldt Eastermar brûsjend. En wy soargje der foar dat it allegearre " up to date " bliuwt.

Senatoren website: Geke, Rienk, Wilem, Wijbe en Oebele.
Redaksje: Jan en Sjoukje, Albert, Elly en Saskia.

Ea als app

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!