Op it terras en binnendoar by 'De Parel' waard fannemiddei in wichtich dokumint besprutsen en ûndertekene. It wie de oerienkomst tusken webmaster en redaksje fan www.eastermar.nl en de ûndernimmersferiening. Dêryn is fêstlein dat de Ondernemers Vereniging Eastermar, de OVE dus, fan 1 maaie '09 ôf de wichtichste finansjele drager wurdt fan 'e doarpshiemside www.eastermar.nl en dat hja dêrmei it stokje oernimt fan 'e eardere haadsponsor Fa. Brouwer en Brouwer Grondverzet.

Der is de ôfrûne twa jier troch in wrottersploech hiel wat ôfpraat en fergadere om dit resultaat te berikken. Omdat Rienk Vlieger, man fan 'e earste oere fan 'e doarpswebside, it mei syn eigen bedriuw te drok krige om alle doarpsferhalen troch te jaan, moast der nei in oare opset socht wurde. Dat wie noch net sa maklik en dêrom wie it prachtich dat de Fa. Brouwer dochs noch oant dit momint it sponsorskip op him nimme woe. De erkentlikheid dêrfoar waard fannemiddei ek dúdlik útsprutsen. Mar ek wie der wurdearring foar de stap dy 't de OVE no nimt. Foarsitter Sjouke Wijnsma koe melde dat der fanút it Eastermarder bedriuwslibben tige positive reaksjes kaam binne oer de nije opset en dat biedt sicht op in goede takomst foar de doarpshiemside. Tefredenheid ek by de webmaster, Rienk Vlieger, dy't no mear tiid besteegje kin oan oare saken. Ek by de oanwêzige redaksjeleden wie der in gefoel fan foldwaning, mar it soe dochs wol hiel noflik wêze as der noch ien of twa persoanen in sit yn 'e redaksje nimme woenen. Alles meimekoar in momint fan werom én foarútsjen by it setten fan 'e hântekening ûnder de opstelde oerienkomst.

p4243226

p4243229

p4243235