De redaksje en fotografen fan Eastermar.nl winskje alle Eastermarders, Eastermarders om utens en fansels al ús oare besikers noflike feestdagen, in hiel gesellich Spanbân festifal en in fleurich en sûn 2024!
As altyd stiet de doarpskrystbeam op it Breed, in bydrage oan de krystsfear mei tank oan de Ondernemersvereniging Eastermar (OVE).
De yntree fan ús doarp stiet yn it ljocht mei tank oan Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' (SIES).