Information
Publisearre: 18 juni 2020 | Kategory: Doarpsside Eastermar.nl
gemeente media

20 jier Eastermar.nl

2000 2020 eastermarnl

It is foar eastermar.nl in 2020 in bysûnder jier. Dit jier is ús hiemside 20 jier yn ‘e loft!
It tafal wol dat ús hiemstek dit jier ek nochris de doarpssjoernalistykpriis fan Tytsjerksteradiel wint.

De earste ferzje van eastermar.nl is yn it jier 2000 yn de loft gien. It wie eins in hiele simpele webside, mar foar dy tiid hiel wat. Noch net folle doarpen wiene doe al online.
Dêrnei is eastermar.nl meigroeid mei syn tiid en waard de side in pear kear folslein fernijd.
Yn 2010 is der úteinset mei in offisjele redaksje en waard de OVE haadsponsor.
Dit alles op inisjatyf fan de saneamde ‘senatoaren’, in tal Eastermarders dy’t harren belutsen fiele by it belang fan in digitaal platform foar Eastermar.

logo2002

It earste logo fan eastermar.nl yn 2000

It is ’t doel en fernij de side yn 2021 ta in ferzje dy’t optimaal wurket op ‘e bûsetelefoan. It jildbedrach dat de doarpssjoernalistykpriis opsmiten hat, kin dêr foar ynset wurde.

Argyf

Omdat sûnt 2006 alle artikels bewarre bleaun binne, foarmet eastermar.nl in prachtich argyf fan de resinte skiednis fan Eastermar. Wolle jo witte wat der 5, 10, 14 jier lyn allegear bard is, sneup dan ris om tusken de 3158 artikels fia it oersjoch per moanne of folje in trefwurd yn by de sykfunksje, boppe-oan de side.

Fanwege it jubleum is der op ‘e thússide ekstra rûmte makke foar in weromblik: foto’s fan it doarpsfeest fan 2010.

homepage 2006
De thússide, in foarige ferzje fan eastermar.nl, dizze is fan 2006

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!