- Kategory: Site-info
- Publisearre: 04 september 2015
Webredaksjelid ôf
Us kollega redaksjelid Saskia van den Berg nimt ôfskied as webredakteur nei fiif jier har ynset te hawwen foar eastermar.nl.
It spyt ús tige want Saskia is gesellich, entûsiast en altyd ree om in putsje te dwaan. En boppedat ek noch in hiele kundige fotograaf.
Mar it goeie nijs is dat sy it fotografearjen wol dwaan bliuwe wol by de grutte barrens foar eastermar.nl. En dêr kin elkenien bliid mei wêze want it bewiis binne de bylden fan it ôfrûne Easterbarren.
De reden dat Saskia ophâlde wol mei dit frijwilligerswurk is dat sy it te drok krigen hat. En dat kinne wy ús wol yntinke. Sjoch mar ris op har eigen side: www.saskiavandenberg-fotografie.nl.
Meikoarten hoopje wy ús redaksjeteam wer op sterkte te bringen, wy hâlde jimme op de hichte.
En Saskia; Foppe de Haan soe sizze "Hartstikkene bedankt!"
Elly, Jan, Albert, Sjoukje, Rienk
Saskia van den Berg (foto Albert Bakker)