Wisten jo, wat de berjochtjouwing fan jo eigen Eastermar.nl oanbelanget,

  • dat alle ferbetteringen op dizze side byhâlden wurde en suggestjes trochjûn wurde kinne fia  de knop 'Verbeteringen doorgeven' ûnder oan dizze side;
  • dat wy ôfskied nommen hawwe fan dy moaie 'gieltsjes' op 'e Eastermerk en dat wy weromgien binne nei it âlde systeem, lykas de foarige ferzje fan eastermar.nl;
  • mar dat it tenei no wol mooglik is om op in oar syn Eastermerk berjocht te reagearjen;
  • en dat, wannear't jo ynlogd binne, it ek mooglik is om in foto te pleatsen by jo Eastermerk berjocht;
  • dat eastermar.nl ek in donaasje tige goed brûke kin om de side te ferbetterjen;
  • dat ferskate Eastermarder ferienings tige warber binne op de sosiale media;
  • dat jo net lid fan Facebook hoege te wêzen om de Facebooksiden fan bygelyks Skûtsje Ea, st. 100 jier Dam Jaarsma, St Easterbarren en Tip Eastermar lêze te kinnen.

En fierders winsket de webredaksje jo in moaie simmer ta!
Fansels sille wy wer ús bêst dwaan om fotoferslaggen te meitsje fan it Beachbarren, it Easterbarren  en de wedstriden fan it Eastermarder skûtsje.
Oant sjen op ien fan ús barrens!

logo-eastermar-nl2

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe