Meikoarten sil der in 2de ynsamling starte foar Moldavië, yn dit lân giet de stroom flechtlingen út Oekraïne gewoan troch. Yn de media wurdt der al folle minder oer meld mar der is eins noch net safolle feroare. Moldavië is in earmoedich lân en foar opfang is der net folle jild en middelen binne der ek amper beskikber. Earder dit jier ha der 4 frachtweinen nei Moldavië west en dat wie in grut sukses. Mar ek skrinend om te sjen hoe't it er der hinneleit.
Fan 29 juny ôf kin der guod brocht wurde by Bouwe de Jong, Sumarderwei 3 (06-28079295). Pasta, rys, blikgriente, jirpels, woartels, sipels (gjin fleisprodukten). Produkten foar persoanlike hygiëne sa as moanneferbân, toskepoets, toskeboarstel, sjippe en sjampo. Babyfieding, ruften (luiers), fersoargingsprodukten. Skuon, mûtsen, sjaals en moffen (net mei de hân breide guod). Waskmiddels.
Boppesteand is it listje út Moldavië, wurdt dit oars dan komme we dêr letter noch op werom. Mar foar no graach safolle mooglik it listje oanhâlde, dus gjin klean en knuffels. En diskear ek gjin matrassen of tekkens.
By de foarige ynsamling seagen wy de meast bysûndere objekten: kopkes, restanten servys, stikken ûnderguod fol plakken, kleanstokjes en neam mar op. In moai rariteitekabinet koene we der fan meitsje, mar it soarge ek foar ekstra wurk.
Wy hoopje dat dizze aksje wer sa slagje mei as earder dit jier.
Stichting mensenkinderen en it ingeleprojekt Eastermar
-
-
- Informatie
- 27 november 2023
Winterferljochting skûtsje Ea hinget wer
De Winterferljochting hinget wer yn de mêst. Foto's: Henk de Leeuw Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2023
Sinterklaasintocht 2023
Zaterdag 25 november 2023 was het weer zover. Sinterklaas en zijn Pieten kwamen weer met de boot aan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 november 2023
Primeur voor Lokaal Loket
Elke laatste vrijdag van de maand is SeniorWeb aanwezig bij het koffiedrinken in ’t Mienskipshûs. In... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 oktober 2023
Oprop oan de hantwurksters fan Eastermar
Wy, Sippie Wijnsma en Antsje Schoenmakers, liket it moai om sa no en dan mei oare hantwurksters út E... Fierder lêze »