Foar de 3de kear wolle wy mei help fan ingelen de tsjustere dagen foar Kryst wat ljochter meitsje. Wy wolle yn dizze tiid omsjen nei minsken dy’t ferlet ha fan treast, ljocht of in opstekker. Lokkich binne der ek hiel wat minsken dy’t dat jaan wolle en kinne!
Dêrom sette wy yn Eastermar opnij in Krystingeleprojekt op. Dermei wolle wy minsken, ynwenners fan Eastermar, (anonym) oan elkoar ferbine yn de moanne foarôfgeand oan Kryst.
Eltsenien kin in ingel wêze, elts kin meidwaan. Ingelen binne minsken dy’t der efkes foar in oar wêze wolle, om wat ljocht, treast en oandacht te bieden. As ingel giest op of om de fjouwer Adventssneinen hinne foarôfgeand oan Kryst, fjouwer kear lâns de doar fan it adres datst tabedield krigest. Mei bygelyks in kaartsje, in tekening, wat lekkers, in lyts kadootsje, in blomke, ensafh. Watst ek mar betinke kinst. Do bringst it anonym en it giet om een aardichheidsje/it gebaar.
De datums binne 1 desimber, 8 desimber, 15 desimber en 22 desimber.
Do kinst dy opjaan as Krystingel oant woansdei 20 novimber. Yn de rin fan de wike dêrop krigest fan de organisaasje in slûfke mei fierdere ynstruksjes en it adres dêr’t op of om 1 desimber hinne dyn (of jim) rol as Krystingel begjint.
Do kinst ek in gesin/bewenner/húshâlding foardrage foar omtinken troch in Krystingel
De organisaasje hat gjin ynfloed op de adressen dy't besocht wurde, dat hinget hielendal ôf fan wa't der oandroegen wurdt.
Opjefte as Krystingel en opjefte fan adressen dêr't omtinken nedich is kin fia mailadres tjitskezeilstra9@gmail.com of a.kramer42@chello.nl
Wy hoopje dat wy sa mei in 'leger fan Ingelen' Eastermar ek yn de tsjustere dagen foar Kryst as stjer tusken de marren skine litte kinne!
Ha jo noch fragen? Dan kinne jo telâne by Tjitske Zeilstra, Tjitske Wijnsma, Sippie Wijnsma, Annet Westerhof of Hetty Kramer
,
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »