Tuinen Verbinden Eastermar
Biodiversiteit of Natoerlik Ferskaat is hast alle dagen yn it nijs. Dat is net ommenocht, want it giet wrâldwiid frij wat min mei de rykdom fan ús floara en fauna.
Dêr binne ferskate oarsaken foar oan te wiizen, en dêr hawwe we sels ek allegearre yn mear of mindere mjitte in oanpart yn. Dan is it hiel bemoedigjend om te witten dat je ticht by hûs wat dwaan kinne om dit wer in lyts bytsje de goede kant út te bûgen.
Jo kinne hjirmei yn jo eigen tún begjinne. In soad túnen en iepenbiere grienfoarsjennings binne tsjintwurdich mear in ferlingstik fan it hûs, dan in fuortsetting fan kultoerlânskip en natoer. Yn dy moderne túnen binne meastentiids net sa folle romte en kânsen foar spontaan Natoerlik Ferskaat. At de ôfskiedings tusken de túnen ek noch ris mei sketten en oare saken potticht makke wurde, kinne in soad lytse bisten sa as de Stikelbaarch net iens mear yn jo tún en fan de ienetún yn de oare komme.
Dit spilet by partikulieren, mar ek wol by bedriuwen. De gemeenten hawwe wol blomrike en feilige leefgebieten út kostenoerwegings ferfongen troch gazons en ferhurdingen. Yn de Noardlike Wâlden libje we lokkich noch yn in lânskip mei in soad Natoerlik Ferskaat, dat ferbûn is mei de elzensingels, de dykswâlen en de dobben en pingo’s. It is heech tiid dat de ferbining fan dat lânskip mei it beboude gebiet ek wer wat better stâl krijt. Yn de trije doarpen Eastermar, Feanwâlden en Bûtenpost wurde no sa folle mooglik organisaasjes en leafhawwers belutsen om foarbylden te betinken en út te wurkjen dy’t oan dit tema bydrage kinne. It ynysjatyf wurdt yn Eastermar droegen troch Stichting Wrâldfrucht, Nordwin College, Boarger-ynysjatyf Brommels!, Feriening De Wâlden, De Marren, Feriening Eastermar’s Lânsdouwe, de Jagersferiening en belutsen boargers. Wolle jo hjir as persoan of as organisaasje ek oan meidwaan, dan binne jo fan herte útnoege om jo oan te melden by Henk Pilat fan Stichting Wrâldfrucht fia info@waldpyk.com of tillefoannûmer 0511-54 24 76.
Ús motto is BIMBY! ‘Biodiversity In My BackYard’!
Stichting Wrâldfrucht | Jan J. de Boer
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder een feestelijk spektakel
Na een geslaagde tweede training op de Burgumer Mar stond de bemanning van skûtsje De Broekophâlder... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 april 2024
World Earth Day
Op maandag 22 april 2024 is het World Earth Day. Dit jaar staat deze dag in het teken van zorgpreven... Fierder lêze »