Wy sporte mei ús allen, wy fiere feest mei ús allen, wy ha barrens mei ús allen. Us bern boartsje alle dagen mei elkoar. Mar... de bern geane wol nei twa ferskillende skoallen. De gemeente en beide bestjoeren fan de skoallen (PCBO en OPO Furore) binne der wol oer út: ien skoalle is it bêste foar in doarp as Eastermar. Om ús hinne is der al in oantal 'identiteitsrijke ontmoetingsscholen' skoallen dêr't alle doarpsbern meielkoar hinne kinne. Op beide skoallen hat in jûn west dêr’t de âlden frege waard oft hja ynstimden mei in ûndersyk dat de bestjoeren starte woenen nei de mooglikheid om de Bolster en de Balsemyn as ien skoalle fierder gean te litten. By de Bolster wienen de âlden fóár dat inisjatyf. Op de Balsemyn ha se twa jûnen hâlden en binne se der noch net út. Te min âlden ha de muoite naam om nei ien fan de jûnen ta te gean. En no liket it derop dat der tefolle âlden op tsjin binne. Mei de hjoeddeiske krimp is der mar plak foar ien skoalle. As de Balsemyn as iennige skoalle oerbliuwt, binne der aanst bern dy't nei in oar doarp nei skoalle moatte om’t harren âlden de bern (prinsipieel) net nei it bysûnder ûnderwiis ha wolle. Wy as âlden moatte it eins net safier komme litte dat ús bern en bernsbern aanst net nei deselde doarpsskoalle kinne.
Janke Hooghiemstra
-
- Informatie
- 02 december 2023
Mienskipshûs De Kjellingen
Het is weer gezellig druk in het Mienskipshûs met klaverjassen, het itensiede met Floor en de activi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 december 2023
Eastermar in het gouden ochtendgloren
Simon Bosma hie syn drone al in pear dagen startklear stean foar in moai snie-sfearbyld boppe Easter... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 november 2023
Boeken, boeken en nochris boeken
Yn ús Mienskipshûs – ûnderdiel fan gebou De Kjellingen – hat Lokaal Loket in bibleteek realisearre... Fierder lêze »