Neidat der yn april troch de gemeenteried praat is oer de fytsoerstek en de maksimum snelheid fan ‘e auto’s by de Litsbrêge, der in wat brike en ek wer ynlutsen moasje yntsjinne waard, hat der wol wat publisiteit west oer dizze kwestje. Wâldnet, RTV-NOF en Omrop Fryslân ha der omtinken foar hân.
De wethâlder sei ta dat der op hiel koarte termyn tydlik buorden oan beide kanten fan ‘e brêge komme soenen om oan te jaan dat dêr maks. 60 km./oere riden wurde mocht. Dy buorden stienen der yndie binnen in moanne. Dat se foar ús gefoel op ûnlogyske plakken delset wienen, ha wy dúdlik makke nei guon riedsleden en amtners. Ien boerd, dat oan ‘e Sumarder kant, is doe ferset nei de krusing Mienskerwei.
It ûnlogysk pleatste boerd op ‘e Tije Tolrûnwei bliuwt dêr lykwols wol stean. Wêrom? Fan it gemeenthûs út hearre wy dat dat wetlik net oars kin omdat it hjir giet om in ‘tydlike oanpassing fan it snelheidsrezjym’…
Op ús fraach:”Hoe lang is tydlik?” krigen wy in antwurd dat wy hjirûnder besykje út te lizzen yn gewoane minsketaal:
De gemeente hat foar it oplossen fan in tal problematyske T’dielster ferkearssituaasjes – wêrûnder ek ús Litsbrêge-oerstek – subsydzje oanfrege. Dy subsydzje (€ 250.000,--) is takend en de gemeente docht der sels ek noch sa’n bedrach by. Der is foar de neamde oplossingen fan nuodlike ferkearssituaasjes dus in bedrach fan in heal miljoen euro beskikber. Om dy oplossingen allegearre goed oan te pakken moatte der amtlik bestekken opsteld wurde.
Dat nimt in soad tiid ferwachtet men op ‘t gemeentehûs. It striibjen is om de situaasje Litsbrêge hjerst 2024 oan te pakken, wêr dan ek yn behelle wurdt de ynrjochting fan ‘e dyk, it fêststellen fan definitive snelheidsregels, de oanlis fan ferhegingen of oare snelheidsbeheinende maatregels en de plande faunapassaazje by de krusing Mienskerwei – Sumarderwei. Dat lêste makket diel út fan ‘e ekologyske ferbiningsône tusken de Burgumer Mar en de Leien en dêr is de Provinsje Fryslân ek mei ferantwurdlik foar.
It gemeentlike 'tydlik’ is dus minimaal oardel jier of 18 moannen of sa’n 75 wiken of krapoan 550 dagen. Mei deis minimaal sa’n 10 risikofolle kearen oerstekken, wat dus delkomt op minstens 5500 risiko’s dy’t yn dat skoft foar leaf naam wurde moatte…
Dochs hoopje wy dat de gemeente de earnst fan de situaasje fan it oerstekplak ynsjocht en earder begjint mei de oanpassingen.
Oerstekplak Litsbrêge: it wachtsjen wurdich?
Wytske Zandstra en Wijbe Postma
-
- Informatie
- 01 oktober 2024
Eastermar is...
...goed oppasse foar Bijke's op 'e Heidbuertwei! Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2024
Drie Eastermarder talenten op een rij
In de afgelopen dagen werd zeiler Willem Wiersema (opnieuw) Nederlands kampioen in de ILCA7, kreeg E... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 18 september 2024
Bridgelessen yn it Mienskipshûs
Nei oanlieding fan de workshop bridgen yn de EA Bloeiwike sille der yn de kommende winter bridgeless... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 oktober 2024
Eastermar is...
...goed oppasse foar Bijke's op 'e Heidbuertwei! Fierder lêze »