Der binne fan dy dingen dy moatst ris in kear dien ha. Al wie it allinne mar om it letter oan dyn pake- of beppesizzers fertelle te kinnen. Sa wolle wy mei in ploechje mei de racefyts de Alpe d’huez beklimme.
It giet om 'e wille mar fansels wol mei in searieus doel. It leit yn ’e planning om dit yn 2012 yn wike 24 (11 oant 17 juny) of yn wike 38 (17 oant 23 septimber) te dwaan. Wy hawwe noch efkes de tiid mar wy moatte wol oan it wurk, kilometers frette, ôfsjen en boppe alles wille oan it fytsen krije. Wa’t mei dwaan wol of ynteressearre is, kin by Eit Jonkman, Allard Tadema of Sytse Wilkens terjochte. It doel is om begjin septimber stadichoan te begjinnen.
Earst sille wy ris by elkoar komme om ien en oar troch te praten: tarieding, treningsopbou, sportiten en -drinken, materiaal, klean en fierdere saken.Wy hawwe no in peloton fan sa’n 10 minsken mar der kinne fansels altyd mear by.
Belangstelling? Kom ris del by ien fan ús trijen. (Sytse: 0512-331099)
-
- Informatie
- 17 september 2024
Eastermar is…
... de Russen komme. Dizze 'raket' is bedoeld foar in oefening. De grutte propellerfleantugen boppe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 september 2024
Donateursavond de Broekophâlder
Geachte donateurs, Graag nodigen wij u van harte uit voor onze sponsor/ donateurs avond op vrijdag 18... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 september 2024
Sint Maartenoptocht in Eastermar
11 november is de dag, dat je lichtje branden mag. Traditiegetrouw organiseren De Marko's Burgum een... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 september 2024
Elise Westerhof yn de finale fan Liet 2024
LIET is ien fan de belangrykste Fryske sjongfestivals yn ús provinsje. Muzikanten of bands kinne har... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 09 september 2024
Elise Westerhof yn de finale fan Liet 2024
LIET is ien fan de belangrykste Fryske sjongfestivals yn ús provinsje. Muzikanten of bands kinne har... Fierder lêze »