It is saterdei 11 septimber. It hynstebarren is west. De rêst begjint werom te kearen yn ús doarp. Eltsenien kin him wer noflik deljaan efter de gerania. In feilich en waarm thús.
Of dochs net foar eltsenien? Wat bart der by it tsjerke op it Heechsân? It liket dêr op in sloppewyk yn Bolivia. Jongeren boue krotsjes fan karton en plastic.
Lokkich blykt it mar foar ien nacht te wêzen.
Lokkich blykt it mar foar ien nacht te wêzen.
Jongerein fan it tsjerke fan Eastermar hâlden in 'nacht zonder dak'. Dit is akjse fan 'e stichting Tear. De bedoeling is om in nacht yn dit krotsje te sliepen, krekt as in soad jongeren dit yn Bolivia dwaan moatte, om't se oars gjin sliepplak ha. De jongeren litte harsels sponsorje en dit jild giet nei in dakleazenprojekt yn Bolivia.
Hjir blykt jûns ek wêr dat Eastermarders nei Pakistan noch ree binne om te jaan foar de earmen: der wurd hast Euro 3.800 oerhandiche oan Tear! Mei dizze geweldich opbringst binne wy as organisaasje fan dizze 'n.z.d.' fansels tige bliid. Wy wolle eltsenien tank sizze foar de jeften en wy wolle ek eltsenien betankje dy't meiholpen hat oan dizze nacht.
Wat der fierder te beleven wie dy nacht? De jongeren krigen in Zumba-les, der wie in film oer dakleazen yn de 'bioscoop sûnder dak', gesellich sjonge mei gitaar by in fjoertonne en ite en drinke yn it 'kafee sûnder dak'. De oare moarns wie der moarnsiten nei de ochtendgymnastiek. Dat moarnsiten wie mei it tsjerkefolk. Dêrnei wie der in fiering yn it tsjerke mei as tema 'Hoop'. Sels Mr. Bean kaam noch even yn byld. Hy koe de eagen net iepen hâlde yn it tsjerke. Nei sa'n nacht wienen der mear dy't dêr lest fan hienen. Yn it ramt fan de startsnein fan it winterwurk yn it tsjerke wie der doe noch in spelcircuit om eltsenien wer wat helder te krijen. In slagge wykein.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
-
- Informatie
- 28 maart 2023
Edou Hamstra yn Omrop Fryslân dokumintêre
De Provinsjale steateferkiezings binne achter de rêch, de útslach bekend. Krekt foar de ferkiezings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Harmonica Theo op it Breed
Takom sneon sil Theo Stelstra spylje op it Breed. Yn Ljouwert is er ferneamd as Harmonica Theo. Hy i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Reüny famylje Veltman
Dit binne de pakesizzers fan Simen Veltman, dy’t altyd yn Eastermar wenne hat. Hast alle pakesizzers... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 maart 2023
Wat stimt Eastermar by de Provinsjale Steaten en Wetterskip 2023
0p 15 maart 2023 hawwe de ynwenners fan Eastermar stimme kinnen foar de Provinsjale Steaten en it Wet... Fierder lêze »
Ek nijsgjirrich:
-
- Informatie
- 21 februari 2023
pop-up Restaurant ‘t Stationnetje is op zoek naar jou!
Ben jij tussen de 14-28 jaar & lijkt het jou leuk om te leren koken & een restaurant op te zetten? D... Fierder lêze »