Petear tusken Abe (fleisiter) en Ebe (fegetariër)

“No haw ik fernommen dat it is Doarpsbelang nei fjouwer jier striid by de gemeente slagge is en meitsje it paad tusken de Heidbuertwei en Halfweg offisjeel”, sei Abe.
Ebe: “Och heden, en hoe hjit it dan?”
“Lytse Seadwei, der stean no buordsjes by.”
Lytse Seadwei
“Och heden, in lytse stap foar it doarp is mar in grutte stap foar Doarpsbelang, begryp ik dat goed?”
“Jawis Ebe, mei dit waar sil it paad wol net al te bêst in kondysje wêze mar do kinst der oars moai kuierje.”
“Oer de Heidbuertwei sprutsen, Abe, hast dy buorden wol ris besjoen? Dat is sis mar in aardich stikje amtlike humor. Dy ferskillende nammebuorden, Heidbuurtweg en Heidebuurtweg, stean kwealik tsien meter fan inoar ôf!”
Heidebuurtweg
“Ja, dat is al langer bekend. Mar hasto in nijste boerd al sjoen oan de Grutte Hoarnst?”
“Nee, dêr kom ik net sa faak del.”
“Dêr hinget no in boerd en der stiet op fan Ottemaweg. Ik haw flink lake doe 't ik dat seach.”
Ottemaweg
“Ottemaweg? Wa is Ottema, heui?”
“Nee Ebe, do snapst it net, it giet om Otte.”
“Wa is Otte”, frege de fegetariër?
“Otte is ien dy't hiel hurd kin mar dat net mear mei…”
“Oh, wachtsje ris, no falt it kwartsje. Dan is dy jonge dy 't doe mei syn motor..., ik haw it yn it snotsje. Oars hie der wol OtteSNELweg stien yn plak fan OtteMaweg. Mar hoe komt dat boerd dêr?”
“It sil wol te krijen hawwe mei de 'shared space' gedachte.”
“Wat is dat no wer?”
“Dat binne ommes de nije plannen foar it Breed. Jou de romte werom oan de minsken, oan de mienskip en dy mei sels bepale wat der wol en net kin. It ferkear past him mar oan. Eltsenien wurdt oansprutsen op syn eigen ferantwurdlikens. Dus alle ferkearsbuorden der wei, parkearfekken fuort ensfh. En dan mar sjen wat der bart.”
“Nijsgjirrich. Wannear sille sy dêr mei úteinsette?”
“Net.  Der is gjin jild. Wy moatte it sels dwaan.”
“No, dat makket my neat út. Op in sneon de skeppe mei, der mei syn allen even foar, dan kinne wy om fiif oere oan 't bier op in nij terras op ús eigen Breed. Dat sjoch ik hielendal sitten! Dy muorkes mei dy balstiennen, kinne dy der ek wei, Abe?”
“Jawis man, dêr haw ik al in plan foar.”
“Wat wolst mei al dy balstiennen dan?”
“No tink mar oan dy muorre yn Berlyn, dy hawwe sy dochs in parten ferkocht. Dat kin mei de balstiennen ek. Wy freegje Doutzen of sy alle stiennen in tút jout en dan ferkeapje de brut. Hâlde wy ek noch sinten oer foar nije strjitferljochting.”
“Mar dy 'shared space' gedachte, wêr komt dat wei?”
“Net al te fier fuort, gewoan út Drachten. It Laweiplein mei al dy fonteinen, dat skynt ít grutte foarbyld te wêzen. Dêr moatte de auto's, fytsers, kuierders en terrassen harren sels ek mar rêde. Giet hartstikkene goed. Wat tinkst, soenen wy dat hjir ek oan kinne of moatte der guon dochs noch even holpen wurde mei it finen fan in parkearplak op 'e Komerk?”
“Ik tink dat dat wol wat tafalt. Mar ik meitsje my wol earne oars soargen oer.”
“Wat dan, Ebe?”
“No, al dy fonteinen. It sil wol moai lykje op it Breed mar wêr moatte wy dan yn augustus beachvolleybalje?”

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: