Tongersdei 8 oktober 2010
Bêste Alpe d’Huez gongers, it grutte ôftellen is begûn. Yn augustus 2012 lizze de Alpen op tal fan fytsende Eastermarders te wachtsjen. Der is in protte animo! De oprop healwei juny hat fertuten dien.
Sa’t it no stiet fytse der al mear as 20 persoanen  mei. Faaks sil de hiele  hûshâlding mei: fakânsje fiere en supporterje (dat kin ek). Der sitte in pear 'klimmers' mei ûnderfining by, mar de measten moatte noch in goeie fyts oanskaffe.
alpe
Wy stean dy wike mei ús allen op in kemping, fytse alle dagen in rûte en fiere boppe-al in gesellige fakânsje. Der is noch plak foar mear dielnimmers!
Op 20 oktober ha wy in ynformaasjejûn en kinne de fytsers mei-inoar yn’e kunde komme. Belangstelling foar it fytsen en foar dizze jûn?? Opjaan? 
Nim dan kontakt op mei : 
e.jonkman1@chello.nl
wilkenssytse@jmail.com 
tadema-schoors@kpnplanet.nl
Wy witte dan hoefolle kofje nedich is op 20 oktober. By it opjaan hearre jim wêr’t de ynfojûn krekt wêze sil.
Oant dan, 
Allard, Eit en Sietse

Oar doarps- en ferieningsnijs: