Yn de tsjustere dagen foar kryst hat Eastermar lêst fan 'dwalende manlju op fytsen'. Manlju dy 't fanwege de fakânsje thús sitte en har ferfele. "Oars moatst mar in eintsje te fytsen", ropt de frou út de keuken wei, al drok mei de tariedings foar it krystmiel. En sa bedarje dizze manlju op strjitte en dwale troch de útbuorren fan Eastermar, op 'e siik nei ferdivedaasje.

Mar der is hoop! It komt goed! Pyt hat it sein! Noch even en dan... kin it heve. Jawis, de premjêre fan de iisbaan op 'e Komerk. Tidens de kryst sil de froast taslaan en wint it iis alle nachten in stikje oan. It iisbaanbestjoer docht al nachten gjin each mear ticht no 't Pyt it goeie nijs foarsein hat.

Mar ja.., it kin ek mis gean fansels. Dat der noch mear iis komt en dat de Leien ticht komt te lizzen. Wa wol der dan noch op 'e Komerk? Of dat der noch mear iis komt en dat der in Alve... Och hearkes nee, dat kinne wy Tryater net oandwaan dy 't al in Alvestêdetocht per bus yn de oanbieding hat.
En hoe moat it dan mei de nijjiersdûk by it paviljoen, wannear 't de Leien ticht sit?

Yn alle gefallen is der nei de krystdagen ien probleem oplost: gjin dwalende manlju mear op fytsen... mar op redens.

itsilheve

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe