Yn de tsjustere dagen foar Kryst binne der hiel wat minsken dy’t ferlet ha fan ljocht, treast of in opstekker. Lokkich binne der ek hiel wat minsken dy’t dat jaan wolle en kinne! Yn dizze tiid fan ôfstân bewarje, is der mear as oars ferlet fan soarch foar elkoar, tichteby wêze en romte foar spontaniteit. Dit wurdt júst no ekstra bot mist. Iensumens leit op ’e loer. Dêrom sette wy yn Eastermar in krystingelprojekt op. Dêrmei wolle wy minsken, ynwenners fan Eastermar, (anonym) oan elkoar ferbine yn de moanne foarôfgeand oan Kryst.

Krekt no is der in soad ferlet fan ingelen

Eltsenien kin in ingel wêze, elts kin meidwaan. Ingelen binne minsken dy’t der efkes foar in oar wêze wolle om wat ljocht, treast en oandacht te bieden.
As ingel giest op of om de fjouwer Adventsneinen hinne fjouwer kear nei it adres datst tabedield krigest. Mei bygelyks in kaartsje, in tekening, wat lekkers, in lyts kadootsje, in blomke, watst ek mar betinke kinst. (Foar ynspiraasje sjoch op: www.engelenproject.nl)  Dû bringst it anonym.                                                             

De Adventsdatums binne 29 novimber, 6 desimber, 13 desimber en 20 desimber

Dû kinst dy opjaan as krystingel oant saterdei 20 novimber. Yn de rin fan de wike dêrop krigest fan de organisaasje in slûfke mei fierdere ynstruksjes en it adres dêr’t op of om 29 novimber hinne dyn (of jim) rol as krystingel begjint.
Dû kinst ek in gesin/bewenner/húshâlding foardrage foar omtinken troch in krystingel.
Wy hoopje dat wy sa mei in “leger fan ingelen” Eastermar ek yn de tsjustere dagen foar Kryst as stjer tusken de marren skine litte kinne!

Ha jo noch fragen? Dan kinne jo terjochte by Hetty Kramer, Tjitske Zeilstra, Wietske van der Zee, Jantsje van der Veen of Annet Hamstra.

Opjefte as krystingel en/of immen foardrage foar besite fan in ingel kin troch it strookje ûnderoan dit formulier uterlik 20 novimber yn te leverjen by Tjitske Zeilstra (Harstepaed 6) of Jantsje van der Veen (Skûlenboargerwei 14). Per mail kin ek:

KrystIngel

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen