Dat it saterdeitemoarn 22 febrewaris waaide dat it rikke en der swiere buien oer Eastermar jagen, wie gjin behindering foar de Alpine-riders om bymekoar te kommen. Want… dy moarn soe de ploech de opbringst fan syn 3500 km. lange rit troch de alpelannnen oerdrage. Dêrfoar wie Kika-frijwilliger Regina Jeeninga nei Eastermar kaam. Yn ‘t front fan twa auto’s dy’t de rit folbrocht hienen, waard by ytkafee ‘it Breed’ mei in hândruk in bedrach fan € 17.000,- symboalysk oerdroegen oan it goede doel. Jeeninga betanke de Alpine-mannen foar har ynset, har trochsetten en it finansjele resultaat.

Yn it foarpetear kaam nei foaren dat net alles like soepel ferrûn wie. Daliks oan it begjin hie ien fan ‘e weinen al malheur mei de rutewiskers. Dat euvel koe mei help fan in kreatyf hin-en-wer-toutsje-systeem ferholpen wurde. In swierdere klus wie de stikkene fersnellingsbak by in dielnimmer. It mâlst gie it by in treddenien dy’t op ‘e weromreis de auto oan ‘e kant sette moast en de anwb-help ynroppe om wer thús te kommen.

kika1

As slútstik waard ôfrûne wike bekend dat Henk en Tineke Scholten (Drachten) de priis krigen dy’t Alpine-sponsor ‘Slagerij Otte Boersma’ beskikber steld hie. Boersma oerhandige woansdei (25/2) de priis – in heale baarch – oan Tineke omdat hja, as stiper fan ‘e Alpine-Tour, útlotte wie foar it troch de slachterij beskikber stelde ‘fleispakket’.

kika2

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen