De toeriste-ynformaasjepost Eastermar e.o. is op 'e siik nei in nije slachsin/slogan foar Eastermar.
Dizze 'kreet' sil brûkt wurde yn in advertinsjekampanje, ta promoasje fan ús doarp en omkriten.
In skoft is yn folders en oare uteringen de slogan 'Ontdek de charme van de Fryske Wouden' brûkt.
Mar neffens Nynke de Jong, bestjoerslid, is men ta oan wat nijs. "Meikoarten is de rekreaasje- en toerismerubryk fan www.eastermar.nl klear. Dan wurdt it tiid om minsken op it idee te bringen de website ris op te sykjen. Dat wolle wy dwaan mei advertinsjes. In goeie slogan moat dan de oandacht lûke.
Wy hawwe der sels al even oer gear west, mar dé kreet hawwe wy noch net optocht. Doe kamen wy op it idee om in priisfraach te betinken".

Wêr moat de slachsin oan foldwaan:

In koarte, pakkende tekst
It moat foar Nederlânstaligen te begripen wêze, dus net folslein Frysk
It leafst moatte der ien of mear positive eigenskippen fan Eastermar yn de kreet nei foaren komme

Mocht dé slogan der tusken sitte, dan beleanje wy dat mei in tegoedbon foar in itentsje by de Zandloper foar twa persoanen.

Jo kinne jo slogan opstjoere nei: . Ferjit net jo namme der by te fermelden.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe