Al earder makken wy melding fan it feit dat Eastermar op 'e nij yn 'e belangstelling stiet. De ôfrûne wiken tilde it wer op fan sjoernalisten, kameraminsken en fotografen yn it doarp. Want de grutte fraach yn de media is: it is in jier letter wat de Postkodekanjer oanbelanget en hoe leit it der op dit stuit hinne yn Eastermar?

Earst wie Omrop Fryslân oan bar mei de Fryslân Dokumintêre fan Johanna Brinkman oer Eastermar en har ynwenners. In haadrol wie der foar de reade Ferrari fan de soan fan ien fan de grutte winners. Jo kinne de dokumintêre (nochris) sjen fia Utsjoering Mist fan Omrop Fryslân.

Ekstra kranten by Sjouke
Op sneon 22 desimber brocht de Volkskrant in wiidweidige reportaazje oer de mienskip fan Eastermar, skreaun troch sjoernalisten Jurre van den Berg en Charlotte Huisman. Yn dit pagina-grutte artikel mei sfearbylden fan Eastermar ûnder oare omtinken foar it Lokaal Loket, it Mienskipsfûns en hoe't ynwenners fan Eastermar net troch in slompe jild útinoar dreaun binne.  Spesjaal foar de gelegenheid waarden der 50 Volkskranten ekstra by Alles ûnder ien dak ôflevere!

En fierders:

krant

 

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe