… Eastermarder boatsjejeugd soarget foar tydlike oerset
De brêge oer de Lits is regelmjittich yn ’t nijs fanwege de takomstplannen foar dizze brêge. Opknappe, ferfange, ferfange foar in fêste brêge of dochs in akwadukt? Op 10 juny nimt de rie fan Tytsjerksteradiel in beslút.
Mar no komt der in nij aspekt oan ’t ljocht: steuringen. Ofrûne tiisdeitemiddei woe nei in iepening de brêge net mear ticht. It wie net wis hoe lang't dizze steuring duorje soe. De fraach wie dus: is dit it wachtsjen wol wurdich? Foar auto’s wiene de problemen net hiel grut: in kwestje fan omride. Mar de kuierders en fytsers, tsja…
De boatsjejeugd fan Eastermar soarge foar dé oplossing en yn in omsjoch hiene hja in oerset regele foar it kuier- en fytsferkear. Fergees koe it net want “hee, wy hawwe wol brânstofkosten”.
Eare wa't eare takomt, Wâldnet makke dit fermaaklike filmke:
Yn tsjinstelling ta de gemeente hopet de boatsjejeugd dat dit net de lêste steuring wêze sil dizze simmer. “Wy stean klear om de minsken te helpen en hawwe in ekstra tankje brânstof klearstean foar as wy wér oan de bak moatte.”
Nei oardel oere hiene monteurs de steuring oplost. De Litsbrêge is 60 jier âld.
-
- Informatie
- 05 juni 2023
Tippers wer los yn ‘e TipToko
Mei in ploech fan 18 frijwilligers – de Tippers – start it simmerskoft 2023. Hja beminskje it haveng... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 20 april 2023
Eastermar is...
...mei maks 60 oer de Litsbrêge! Der is sûnt in pear dagen oan beide kanten fan de Litsbrêge in boer... Fierder lêze »