Omrop Fryslân is dizze wike úteinset mei it programma ‘Simmer yn Fryslân’.
Yn dy radio-útstjoerings strune de meiwurkers in hiele dei troch in doarp en besteegje omtinken oan nijsgjirrige saken dy’t sa’n plak biedt. Ek is der in telefyzjeploech warber en de opnames dy’t hja meitsje binne op ‘e neimiddei en de jûns te sjen, nei it waarberjocht fan Pyt P.
Kommende woansdei (15 july) is de Omrop yn Eastermar. De programmalieding hat it Doarpsbelangbestjoer frege om in tal bysûndere saken, groepen, ferienings en ynstellings op te jaan. Sa sil der û.o. wat te hearren en – miskien te sjen – wêze oer it Simmerwille Breedterras, it Lokaal Loket, de ‘Verhalenkamer’, de TipToko en grif noch folle mear. De earste radiobydrage is moarns betiid (7.15 oere!) en ferdield oer de dei duorje de ferskate opnames in minút of fiif.
Der is miskien wat te betinken om ús doarp wat ekstra ‘cachet’ te jaan yn dit ‘mediale’ ferhaal. Sa hongen dizze wike yn ‘De Pomp’ (Kollumerpomp) in tal doarpsflaggen oan ‘e gevels. Op it risiko ôf dat wy, Broekophâlders, as neibauwers de boeken yngean, is dat miskien wol in aardige aksje. Wa’t net sa’n flagge hat kin by Doarpsbelangskriuwer Anne Wieke Postma (’t Hof 26) noch wol ien besette: € 10,- foar leden fan Doarpsbelang en € 15,- foar net-leden.
De harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân komme grif dy 15-de july in soad te witten oer Eastermar ear’t de omropmeiwurker ta beslút de ‘Simmer yn Fryslan’-sticker op it kûmboerd plakt.
-
- Informatie
- 02 december 2023
Mienskipshûs De Kjellingen
Het is weer gezellig druk in het Mienskipshûs met klaverjassen, het itensiede met Floor en de activi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 december 2023
Eastermar in het gouden ochtendgloren
Simon Bosma hie syn drone al in pear dagen startklear stean foar in moai snie-sfearbyld boppe Easter... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 15 augustus 2023
Sosjaal Miel en Iterstún
De earste beantsjes út de Iterstún fan Eastermar binne iten by it Sosjaal Miel. Neffens Floor, dy’t... Fierder lêze »