Al earder makken wy melding fan it feit dat Eastermar op 'e nij yn 'e belangstelling stiet. De ôfrûne wiken tilde it wer op fan sjoernalisten, kameraminsken en fotografen yn it doarp. Want de grutte fraach yn de media is: it is in jier letter wat de Postkodekanjer oanbelanget en hoe leit it der op dit stuit hinne yn Eastermar?
Earst wie Omrop Fryslân oan bar mei de Fryslân Dokumintêre fan Johanna Brinkman oer Eastermar en har ynwenners. In haadrol wie der foar de reade Ferrari fan de soan fan ien fan de grutte winners. Jo kinne de dokumintêre (nochris) sjen fia Utsjoering Mist fan Omrop Fryslân.
Ekstra kranten by Sjouke
Op sneon 22 desimber brocht de Volkskrant in wiidweidige reportaazje oer de mienskip fan Eastermar, skreaun troch sjoernalisten Jurre van den Berg en Charlotte Huisman. Yn dit pagina-grutte artikel mei sfearbylden fan Eastermar ûnder oare omtinken foar it Lokaal Loket, it Mienskipsfûns en hoe't ynwenners fan Eastermar net troch in slompe jild útinoar dreaun binne. Spesjaal foar de gelegenheid waarden der 50 Volkskranten ekstra by Alles ûnder ien dak ôflevere!
En fierders:
- Yn de lêste wike fan 2018 sjocht RTL4 werom yn de programma's Koffietijd en 5 uur Live. Alle dagen binne der lytse ynterviews te sjen út ús fermidden, bygelyks dizze .
- De Telegraaf fan 29 desimber (betelle artikel)
- Op 27 desimber alwer in grut artikel, dizze kear yn de NRC.
- RTL4 (EditieNL) sels koe net achterbliuwe, artikel + video
- De Leewarder Courant fan 29 decimber
- Fries Dagblad, ek fan 29 desimber
- In lêste groet fan RTL fan it skûtsje ôf
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze »