×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

In Dútsk skip hat sneontemiddei de brêge fan Skûlenboarch skansearre. It cruiseskip, de Sans Souci, woe trochfarre wylst de brêge noch net hielendal iepen wie. De brêge krige dêrtroch in ekstra triuw en dêrtroch waard it skip rekke troch it oare diel fan de brêge. Nimmen fan de opfarrenden fan de Sans Souci rekke ferwûne en dat mei in wûnder hjitte, sa sei de plysje dy't teplak wie. In soad minsken oan board sieten op it stuit dat it barde te iten en dat hat harren gelok west.

Troch de oanfarring hat de brêge foar autoferkear ôfsluten west oant 20.30 oere.

Update 23-07: De provinsje sil tegearre mei it Wetterskip hjoed de brêge yngreven ynspektearje. Mooglik is it draaimeganyk dochs mear skansearre as dat earst tocht wie.

Image

Image

(foto's Simon Bosma)

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe