In hagelbui mei knikkerts fan bytiden 4 sm yn trochsneed, hat op freedtejûn in gaos feroarsake yn ús doarp. Blomme- en grientetunen, alles is wei. Fierder in protte skea oan dakpannen, golfplaten, ruten, caravans ensfh. In inkelde beam koe it net hâlde en leit om. Ek wie der sprake fan wetteroerlêst omdat it rioel en de ôffoeren it net oankoene. De Swartewei kin better Grienewei neamd wurde want de beammen binne gewoan strûpt, der leit mear grien op 'e dyk.

Op Facebook en Twitter reint it foto's fan de hagel en de skea. In pear stean hjirre ûnder.
Wiene it justerjûn de snieskowers dy't foar it ljocht kamen om hagel by foar- en achterdoarren wei te skowen, hjoed sille it de bledblazers wêze dy 't oan it wurk set wurde om stoepen en tunen wer in bytsje op te knappen.

It berjocht fan de LC oer hagelstiennen sa grut as golfballen kloppet net hielendal, sjoch de foto op http://www.lc.nl/friesland/noodweer-in-eastermar-18725873.html, want de 'goflballen' op 'e foto wiene in grapke fan de fotograaf.

needwaar

needwaar4

needwaar7

needwaar2

needwaar8

needwaar3

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe