By in thúswedstriid fan V.V.Eastermar 1, it flaggeskip fan ús pleatslike fuotbalklup, waard troch Cambuurtrener Henk de Jong in reklameboerd ûntbleate. Dat boerd wie oanbean en pleatst troch in groep Eastermarder Cambuurfans.
Hindrik Tadema wie dy middei de wurdfierder fan dizze ploech. Yn in petear mei Henk de Jong lei Hindrik út dat de foto fan ‘e wenark op it supportersboerd de ôfbylding is fan in eardere ferskiningsfoarm fan ús doarpsskûtsje.
Omdat it liet ‘It woanskip’ fan Anneke Douma troch de Ljouwerters ferheven is ta klupliet en songen wurdt as Cambuur it fjild opkomt en as der in doelpunt skoard wurdt, bea Hindrik de Cambuurtrener in foto oan fan ‘it doarp Eastermar’ sa't it no as wedstriidskûtsje op ús Fryske wetters te sjen is.
Henk de Jong naam de print mei en dat dy goed te plak kaam is, is te sjen yn in lannelik útstjoerde reportaazje fan 'Nieuwsuur' oer de stadionomropper Rein de Vries (ûndersteande ‘link’). Henk komt nei ûngefear twa minuten mei de foto yn byld.

http://www.cambuurfront.nl/nieuws/14097/video-reportage-over-stadionspeaker-rein-de-vries.html  

website

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe