Saterdei 28 septimber wie yn it Streekmuseum yn Burgum de presintaasje fan it boek fan Elle Bosma oer (û.o.) it suvelfabryk 'Welgelegen', dat fan 1904-1964 yn Eastermar stien hat. Sa'n 75 Eastermarders en âld-Eastermarders wiene derby doe't foarsittter Henk Kloosterman fan it Streekmuseum it earste eksimplaar fan it boek - nei in ynlieding fan de skriuwer oer syn wurk - oerlange oan Houkje Rijpstra, kultuerwethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Ek yn de parse wie der rom omtinken foar it boek. Sa wie Omrop Fryslân de freeds yn it doarp foar ynterviews mei Elle Bosma, Ids Groenewoud, Klaas Land en Siebe Tadema, dy't elk fertelden oer guon saken dy't yn it boek oan 'e oarder komme. It boek is foar € 24,50 (eksklusyf ferstjoerskosten) fan nije wike ôf te bestellen fia www.pro-book.eu.

Rijpstra - Kloosterman

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe