heechwetter.jpgDe stoarm fan tongersdei 18 jannewaris hat foar safier bekend foar ús doarp gjin slimme oerlêst jûn. De wynkrêft 9, en by fleagen de 10, soargen derfoar dat it wetter tige heech kaam te stean. It lân om de mar hinne strûpte dan ek ûnder. In plaatsje dat je net sa faak sjogge. Wat der fierder te sjen falt? No yn alle gefallen gjin keppel hynders dy't oan de ankels ta yn it wetter stiet. Wol stiet de mar strikefol, de steiger is net mear te sjen. Wa't dochs mei droege fuotten by de mar komme wol, kin de reed del dy't lâns it skulpepaadsje rint. Neam it mar Eastermar bûtendyks.

heechwetter-blr1.jpg

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe