Information
Publisearre: 13 mei 2018 | Kategory: Keunst, muzyk en teater
boek goed doel poëzij

Premjêre en publikaasje ‘Okkerdeis, lang ferlyn’

Op 25 maaie om 22.00 oere sil de premjêre plakfine fan it poëtysk ferhaal ‘Okkerdeis, lang ferlyn.
Dit ferhaal is spesjaal foar de SamenLoop voor Hoop Eastermar skreaun troch Rienk Vlieger. It ferhaal wurdt ferteld yn trije parten en foarmet in reade tried tidens de ‘kaarsenceremonie’, ien fan de programma-ûnderdielen fan de SamenLoop, op de Komerk. De ferteller nimt jo mei op in bysûndere reis troch de tiid.

Fan de tekst (tegearre mei in tal ‘dreamportretten’, makke troch Harmke Paulides) is in boekje gearstald. De opbringst fan dit wurk giet nei stichting KWF.
It boekje kin ynsjoen en kocht wurde nei ôfrin fan de seremoanje, op 'e Komerk. Jo komme op in list wannear de earste printing útferkocht blykt te wêzen.
Mar jo kinne it ek fuortendaliks bestelle fia dit yntekenformulier.
Bestelle kin oant en mei 15 juny. De kosten binne € 7,50 it boekje + evt. opstjoerkosten.

Okkerdeis, lang ferlyn

Op myn bankje oan ’t wetter
tink ik nei oer it petear
mei dizze frjemde frou
Oer ôfskied en omsjen
In frjemde?
Ik moat ynienen gnize...

In moetsjen mei minsken, mei kanker.
In koart, poëtysk ferhaal yn trije parten.
In reis troch de tiid.

Okkerdeis lang ferlyn

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!