Meitsje kâns op fergese kaarten foar de generale!

In skoft lyn hat Tryater mei in geloksbrievebus it gelok fan Eastermar sammele en dêr in gedicht fan in oere fan makke. Dat gedicht is dit wykein, op 3 en 4 oktober, te hearren tiidens in audiofisuele tocht troch Eastermar.

Wy binne noch op 'e syk nei frijwilligers om de rûte te ûndersteunen. Dat kin wêze foar it begelieden fan it publyk, foar de betsjinning fan objekten lâns de rûte, tee sette, esfh. Hjirûnder alfêst de data:

Tongersdei 1 oktober: 19:00 – 21:00 oere Ynfojûn frijwilligers

Freed. 2 oktober: 15:15 – 18:00 oere Generale trochrin

Sneon 3 oktober: 12:00 – 17:30 oere Gelok (as heale shift byg.12:00 – 14:45 oere / 14:45 – 17:30 oere)

Snein 4 oktober: 12:00 – 17:30 Gelok (as heale shift)

Kinsto en liket it dy moai ta om te helpen, mail dan nei sjoerdblom@live.com en dan wurdt der kontakt mei dy opnaam.

Foar kaarten en mear ynfo oer it projekt, sjoch op https://tryater.frl/show/it-gelok-fan-fryslan/

De freeds ha wy in trochrin wer't wy noch puplyk foar brûke kinne. Kaarten binne fergees en wy kinne 15 fuort jaan!
Trochrin betsjut trouwens in 'test'. Dus wy rinne de route dan proef om it sa mar te sizzen. Ek buren as freonen binne wolkom mar dus max. 15.
Om in oanmerking te kommen, nim kontakt op mei sjoerdblom@live.com.

it gelok fan eastermar