Betreft in aktiviteit op: 14 juli 2019
Information
Publisearre: 17 juni 2019 | Kategory: Keunst, muzyk en teater
koar muzyk

Eastermar goes Royal

Information
Betreft in aktiviteit op: 14 juli 2019

Op 14 july sille acht Eastermarders yn Londen optrede, yn de Royal Albert Hall! Op it programma stiet de útfiering fan de Carmina Burana fan Carl Orff, in stik fan sa'n fiif kertier. Mei grut orkest, professionele solisten en noch 992 oare koarsjongers wurdt dit in fantastysk grut barren. 
De Carmina is net in maklik stik, dus der moat hiel wat oefene wurde. De Eastermarders, allegear lid fan Koardinaasje - oanfolle mei 4 net-Eastermarders dy't har ek opjûn ha en meireizgje sille - komme dêrfoar in pear kear bymekoar op it Wytfean. Hiel bysûnder (en noflik) dat de Koardinaasjedirigint ek meisjongt en -oefenet. Dat is in hiele stipe... 

O Fortuna!

Eastermar goes RoyalRoyal Albert Hall

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!