EASTERMARDERS HOEGE NET LANGER DE BROEK OP TE HALDEN.

"Broek ophâlde!" raasde de skipper eartiids tsjin syn maat as se troch Eastermar sylden. De trochgong wie sa smel dat it ûnderlyk fan 't seil (de broek) omheech holden wurde moast om noch wat sicht te hawwen. Sa komme de Eastermarders oan harren bynamme: Broekophâlders.

Tsjintwurdich is der alle romte foar boatsjefolk om de nije passantehaven fan it doarp oan de Burgumer Mar yn te farren. Om al dy toeristen wolkom te hjitten en om it nije simmerseizoen te iepenjen is der op saterdei 24 april in Shantyspektakel yn de haven fan Eastermar.

Om 16.00 oere sil der in grut shantykoar optrede. Ferskate shantykoaren út de omkriten foarmje ien grut koar fan wol 200 manlju/froulju. Dit alles ûnder lieding fan dirigint Willem Zijlstra fan Beetstersweach.

Elkenien is fan herte wolkom en de tagong is fergees. Foar de bern is der in grut springkessen oanwêzich.

Ynformaasje: Jannes Hamstra, tel. 0512-471216

e-mail: grientespesjalist@planet.nl

shantyspektakel op 'e Komerk
Shantyspektakel op 'e Komerk